40 banen fuort by Batavus

05 apr 2013 - 18:24

Fjirtich wurknimmers fan Batavus op It Hearrenfean reitsje har baan kwyt. Fytsefabryk De Accellgroup sil Batavus gearfoegje mei Sparta yn Apeldoorn. De hiele produksje fan fytsen sil ferhúzje nei It Hearrenfean, it ûnderdielesintrum wurdt folslein konsintreard yn Apeldoorn. It doel is te besparjen, en dat betsjut dat der op it Hearrenfean 40 banen ferlern geane.

Op It Hearrenfean wurkje 300 minsken en yn Apeldoorn 200. Yn totaal sil it ten koste gean fan 60 wurkplakken.

Twongen ûntslaggen bin net foar te kommen. It nijs is troch de direksje fan Accell freedtejûn bekendmakke. Neffens foarsitter René Takens fan de Ried fan Bestjoer fan de Accèllgroup is de reorganisaasje nedich, omdat de ferkeap fan fytsen weromrint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)