Energy FM wer even op radio

05 apr 2013 - 13:55

Nei hast 20 jier is de lokale stjoerder Energy FM even werom op de radio. De yllegale stjoerder wie yn 'e jierren '90 tige populêr yn Noardeast-Fryslân. Dit hiele wykein draaie DJ's fan doe fanút Damwâld plaatsjes út dy tiid. Sneontejûn is der noch in grut feest mei optredens fan artysten út 'e jierren '90.

Energy FM waard yn 1987 oprjochte yn Broeksterwâld troch Gerrit de Boer en Wim Brons. Brons is no bekend as radiopresintator by Omrop Fryslân. De yllegale radiostjoerder groeide yn 7 jier út oant in fenomeen ûnder de jongerein.

Yn 1994 waard Energy FM opdûkt. Der waard noch wol wat jierren trochgien mei in drive in-show ûnder deselde namme.

Trefwurden: 
Energy FM radiostjoerder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)