Plofkreak Appelskea mislearre

05 apr 2013 - 10:55

Unbekenden hawwe tongersdeitenacht oan de Boerestreek yn Appelskea besocht om in jildautomaat op te blazen. It skerm en it toetseboerd fan de automaat fan de Rabobank waarden út de muorre blaasd. De klûs is lykwols yntakt bleaun en der is ek gjin jild stellen.

De plysje docht ûndersyk nei de dieder of dieders. In kamera boppe de jildautomaat hat de plofkreak nei alle gedachten fêstlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)