Plysje siket tsjûge oerfal

De plysje siket in tsjûge fan in oerfal, op freed 29 maart oan de Esdoornstrjitte yn Ljouwert. Twa jonges oerfoelen om kertier foar njoggen Videotheek Scooby Doo. Dy naaiden dêrnei rinnende út yn de rjochting fan de Duindoornstrjitte.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat der om dy tiid hinne in persoan mei in fyts op 'e hoeke stie te wachtsjen. De plysje siket kontakt mei dy tsjûge, omdat dy mooglik belangryk wêze kin yn it ûndersyk.