Warskôging foar kâld wetter

04 apr 2013 - 23:08

It Antoniussikehûs yn Snits komt oan it begjin fan it nije wettersportseizoen mei in opfallende warskôging: Wettersporters moatte har goed realisearje dat it wetter noch gefaarlik kâld is. Wa't yn it wetter falt rint grutte kâns binnen koarte tiid ûnderkuolle te reitsjen.

Neffens dokter Zwannikken fan de earste help is it benammen hiel gefaarlik as wettersporters allinnich op in paad geane, omdat der dan by need nimmen yn de buert is om help te bieden. Bern rinne ekstra gefaar by de lege wettertemperatueren fan dit momint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)