Skoalhapkes yn restaurant

04 apr 2013 - 21:16

Technasium-learlingen fan it Liudger yn Drachten hawwe tongersdei hapkes presintearre dy't op de menukaart fan in restaurant komme. It giet om Restaurant De Pleats yn Burgum. De learlingen hawwe alle tsien wiken in opdracht yn gearwurking mei in bedriuw. Doel is om in produkt te meitsjen dat echt op de merk ferskine kin.

De learlingen leare dêrmei net allinnich technyske details, mar se leare ek gear te wurkjen en foarút te sjen op problemen. Wannear't de hapkes op de menukaart ferskine, is noch net bekend.

Trefwurden: 
hoareka De Pleats CSG Liudger
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)