Bêste dei Pieter-Jan Postma

© Richard Langdon
Pieter-Jan Postma hat by it wrâldbekersilen foar de kust fan Majorka in bêste syldei hân. De Finn-siler kaam fjouwer kear yn aksje yn de goudfloat, de bêste 36. Hy wûn de tredde race en waard twa kear tredde en ien kear fiifde. De Brit Giles Scott wie in klasse apart mei trije kear winst en in tredde plak.
De puntetelling begjint yn de goudfloat wer opnij. Scott giet oan de lieding, Pieter-Jan is twadde op seis punten. Freed wurdt der wer syld en dan folget sneon de medaljerace tusken de bêste tsien Finn-silers.