Spilers op besite by sike bern

04 apr 2013 - 17:42

Spilers fan FC Grins en SC Hearrenfean wiene tongersdei op besite by bern yn it sikehûs. Se giene del by sike bern yn Beatrixoord. Dat is de berne-ôfdieling fan it UMCG.

Sa'n besite lizze se altyd ôf flak foar de noardlike derby. No snein spylje de beide ploegen tsjininoar yn de Euroborg yn Grins. Sjoch in reportaazje fan RTV Noord.

(advertinsje)