Hynder Derek noch net yn koers

04 apr 2013 - 16:42

It hynder Derek fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân is der noch net yn slagge om him te kwalifisearjen foar koersen. It hynder waard oardel jier ferlyn troch de redaksje rêden fan de slacht. Hy is sûnt dy tiid yn oplieding om in echt draafhynder te wurden.

De bedoeling wie dat Derek op 27 april syn earste koers drave soe. Dêrfoar moast er tongersdei maksimaal 1 minuut 26 dwaan oer in kwalifikaasjekoers op de drafbaan fan Wolvegea. Dat slagge net om't Derek begûn te springen. Dat is net tastien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)