Oprop om hûs op te knappen

04 apr 2013 - 16:29

Bewenners fan Achtkarspelen dy't in fertutearze hûs hawwe, krije ynkoarten in brief fan de gemeente. De gemeente freget dêryn de eigeners oft se it gebou net frijwillich opknappe wolle. De gemeente hopet dêrmei de leefberens, de feiligens en de útstrieling fan de doarpen te ferbetterjen.

De gemeente ferwachtet fan de eigeners dat se sels it inisjatyf nimme foar de opknapbeurt. As bliken docht dat de opknapbeurt te djoer is, wol de gemeente besjen hokker oare oplossing mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)