Achtkarspelen bestiet 675 jier

Gemeente Achtkarspelen
Achtkarspelen stiet yn oktober stil by it 675-jierrich bestean fan de gemeente. Yn dy moanne wurde allerhanne aktiviteiten hâlden foar it jubileum. Sa binne der plannen foar in fytstocht by ryksmonuminten del, is der in Achtkarspelenkwis en binne der ferskate aktiviteiten op de basisskoallen.
De slotdei is op sneon 26 oktober. Dan docht de gemeente de argiven iepen foar it publyk.