Nij museum yn Grou

04 apr 2013 - 16:12

It eardere museum De Trije Gritenijen yn Grou giet fierder ûnder de nije namme 'Hert fan Fryslân'. Yn it museum komme ferskate Grouster tema's oan bod lykas wetter, Sint Piter, de Halbertsma's en de Fryske taal.

By de iepening is in tydlike eksposysje oer it wurk fan de dichter Johan Bernard Schepers te sjen. Schepers wenne as jonkje yn Grou as soan fan in húsdokter. Yn syn dichtwurk spilet syn Grouster jeugd in grutte rol. De offisjele iepening fan it nije museum is yn oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)