Keningsliet yn Kollumerlân

Auke de Boer út Kollumersweach hat it keningsliet foar de gemeente Kollumerlân komponeard. Hy waard de winner fan in wedstriid. Der wiene trije ynstjoerings. De tekst fan it liet is skreaun troch Hilly Pijnacker-Bijkersma út Kollum.
Neffens de sjuery passe tekst en muzyk fan it winnende nûmer goed by elkoar. De meldij leit goed yn it gehoar en it is net dreech om mei te sjongen. Kees Bode en Djoeke Numan meitsje in demo fan it liet. Op 30 april sil it liet songen wurde by de aubade by it gemeentehûs.