Fryske kroaningspostsegel

Der komt in spesjale Fryske postsegel by gelegenheid fan de kroaning fan kening Willem-Alexander op 30 april. Dêrop stean tsien oranje pompeblêden mei in kroan deryn. De segel is in inysjatyf fan FRL-Post yn Ljouwert en Merenpost yn Snits.
De postsegel hat in wearde fan 35 sint en is fan freed ôf te keap. Der wurdt in beheinde oplage fan drukt. Foar de moannen april en maaie wurde 30.000 stiks útjûn.