Tolve oerfallen yn 3 moanne

It plak fan de oerfal yn Drachten © Marc Stijger, 112 Nederlân
Yn de earste trije moanne fan dit jier hawwe yn Fryslân tolve oerfallen west dêr't in wapen by brûkt waard. Dat docht bliken út sifers fan de plysje. It binne hast likefolle as yn deselde perioade ferline jier. De ôfrûne wike fûn trije kear in oerfal plak. Woansdeitejûn waard in snackbar yn Drachten oerfallen, sneon in fideoteek yn Ljouwert en freed in wenhûs yn Drachten.
De plysje jout hege prioriteit oan it oplossen fan de oerfallen. Der is in soad omtinken foar, ek yn de media.
De plysje hopet dat troch goede kommunikaasje nei bûten de oerfallen gauwer oplost wurde kinne.