Net smoke op fjoertoertocht

04 apr 2013 - 11:07

Kuiertocht De Fjoertoerrin op Skylge sil no sneon plakfine mei minder iepen fjoer as oars. Dielnimmers meie ek net smoke ûnderweis. Fanwege de droechte is iepen fjoer te gefaarlik. De kuiertocht is 15, 21 of 42 kilometer lang. Underweis stean oars altyd fjoerkuorren en oare ljochtdingen. Der is noch wol in grut kampfjoer op in feilich plak.

Njonken it fjoergefaar kinne nije sândúntsjes troch de eastewyn ek gefaarlik wêze yn it tsjuster. Leanbedriuwen sille de dúntsjes oan kant skowe en in trochgong meitsje fan sawat 5 meter breed.

De sechsde edysje fan fjoertoerrin op Skylge dy't by beakens en fjoer delgiet, is útferkocht. Yn desimber wiene alle trijetûzen kaarten yn in kertier tiid fuort.

Trefwurden: 
Skylge fjoertoer kuiertocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)