Agressive bierdief yn winkel

Plysje-embleem © ANP
In agressive winkeldief út Harns is woansdei troch de plysje oanhâlden. Oan de ein fan de middei woe de 21-jierrige man in pear fetsjes bier meinimme sûnder te beteljen. Dat wie yn in supermerk oan it Ockingahiem yn Frjentsjer. Hy waard dêrby lilk op it personiel. De Harnzer is meinaam troch de plysje en foar ûndersyk fêstset.