Stimme op greidefûgelideeën

04 apr 2013 - 10:23

It boargerinisjatyf Kening fan 'e Greide hat mear as twahûndert ideeën opsmiten. Minsken koene op seis ynspraakjûnen fertelle hoe't it greidefûgellânskip it bêste behâlden wurde kin. Op tritich fan dy ideeën kin no stimd wurde op de site Kening fan 'e Greide.

Foarbylden fan ideeën foar behâld binne it effektiver ynsetten fan subsydzjes, mear animo ûnder konsuminten losmeitsje foar streekprodukten en it stypjen fan âlden en pakes en beppes. Sy soene bern entûsjast meitsje moatte foar de natuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)