'Gjin fúzjeplannen Fryslân'

Kaart fan Fryslân
'Het kabinet heeft geen plannen met Friesland'. Dat sei minister Plasterk fan ynlânske saken woansdeitejûn yn it tillevyzjeprogramma Nieuwsuur.
It giet oer de fúzje fan provinsjes. Foar de provinsjale steateferkiezings fan 2015 moatte de provinsjes Utert, Flevolân en Noard-Hollân gearfoege wêze. Der binne plannen foar fiif superprovinsjes yn Nederlân. Fryslân soe mei Grinslân en Drinte ien provinsje foarmje moatte. Mar neffens Plasterk binne dêr op dit stuit gjin konkrete plannen foar.