Grutte waadkonferinsje Marrum

04 apr 2013 - 07:14

Mear as 200 saakkundigen en organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei aktiviteiten oer en yn it Waadgebiet komme op 30 maaie nei Marrum. Dêr wurdt in grut kongres hâlde oer de takomst fan it Waadgebiet. De titel is 'De Tijwisselaar'.

Der sil praat wurde oer feilichheid, natuerbehâld, delfstofwinning, fiskûnderhannelings en de status fan it waadgebiet as wrâlderfguod. De tema's wurde behannele oan de hân fan ynterviews, lêzingen, toaniel en muzyk.

Trefwurden: 
Marrum Waad waadkonferinsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)