'Nw-Frl kostet Harns jild'
Harns hat gjin finansjeel belang by it opgean yn de nije gemeente Noardwest-Fryslân. Dat seit Hein Kuiken, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Harns. Riedsleden fan de fjouwer gemeenten dy't mooglik fuseare sille - neist Harns binne dat Menameradiel, It Bilt en Frjentsjerteradiel- krigen woansdeitejûn de resultaten te hearren fan de saneamde weryndielingsscan dy't útfierd is. Dat wie foar it earst yn Fryslân.