Pikehokwenning op De Spitkeet

Pikehokwenning
Iepenloftmuseum De Spitkeet op De Harkema hat der mei de bou fan in pikehokwenning wer in nije besichtiging by krigen. Yn de jierren '50 en '60 wie de wenningneed yn Noardeast-Fryslân sa grut dat minsken sûnder fergunning lytse hokjes bouden om dochs wenromte te hawwen. De Pikehokwenningen wiene in begryp. Reden foar in groep frijwilligers om der ien nei te bouwen. It hok is woansdeitejûn op in spesjale byienkomst offisjeel yn gebrûk naam.