Pieter Weening yn top acht

Pieter Weening © ANP
Pieter Weening bliuwt ek nei de tredde etappe fan de Ronde fan Baskelân yn de top fan it algemien klassemint. De tredde etappe, mei de einstreek nei 164 op in steile klim, waard wûn troch de Kolombiaan Sergio Henao. Pieter Weening kaam yn in groepke op 21 sekonden fan de winner oer de streek. Winner Henao pakte ek de liederstrui, Weening stiet achtste op 21 sekonden fan de lieder. De Ronde fan Baskelân duorret noch oant en mei sneon.