Fytser ferwûne by botsing
In fytser (79) út Ljouwert is woansdeitemoarn ferwûne rekke yn syn wenplak. De man woe op de Lange Marktstraat oerstekke, mar seach in auto oer de holle. By de botsing kaam de fytser te fallen. Hy rekke ferwûne oan it skouder en is nei it sikehûs brocht.