Essent: gjin reedrydstipe mear

03 apr 2013 - 14:45

Essent hâldt op mei it sponsorjen fan it reedriden. It enerzjybedriuw sil de ôfrinnende kontrakten mei de ISU, de KNSB en iisstadion Thialf net ferlinge nei ôfrin fan it Olympysk seizoen 2013/2014. Essent jout as reden de feroarjende omstannichheden. De nammebekendheid fan Essent is yn 15 jier tiid hiel grut wurden troch de sponsoring. 'It plafond fan wat mooglik is, is berikt', sa stiet yn de ferklearring fan it bedriuw.

Essent stipe wedstriden as NK, EK, WK, maratonwedstriden en tal fan alternative Alvestêdetochten.

Foar it reedriden is it ophâlden fan Essent as sponsor in grutte ôffaller. Thialf krijt no noch in grut bedrach fan Essent. Hoe grut dat bedrach is, wolle beide partijen net sizze. It spyt Thialf-direkteur Derks dat it enerzjybedriuw der mei ophâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)