Minister op kongres Wetsus

03 apr 2013 - 14:09

Minister Melanie Schultz van Haegen komt nei Ljouwert. Se is ien fan de sprekkers op it Wetsus Congress 2013. Tema fan it kongres is 'Waarde van kennis'. It wurdt hieltyd dúdliker hoe wichtich oft kennis en ynnovaasje is, sa seit Wetsus. Bygelyks om út de ekonomyske krisis te reitsjen of om útdagingen oan te gean wat wetter oanbelanget. Ynternasjonale gearwurking is ek belangryk. Dêrom sille op it kongres sân EU nasjonaliteiten sprekke. It kongres wurdt op 30 septimber en 1 oktober hâlden yn de Harmonie yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)