Oanpassing definsje nei brân

Definsje sil de oefeningen mei helikopters boppe Flylân oanpasse. Der sil net mear boppe lân flein wurde, mar boppe wetter.
Oanlieding foar de oanpassing is de brân tiisdeitejûn op De Vliehors op it eilân. Twa helikopters fan definsje wiene oan it oefenjen. Dêrby goaiden se brânende fakkels nei ûnderen. Ien fan de fakkels wie noch net út doe't er op'e grûn telâne kaam. Dêrtroch rekke in stik natuergebiet fan 600 by 200 meter yn brân. Neffens definsje giet it net om kwetsbere natuer en hat it fierder gjin gefolgen.