PVV hat noed oer nije Thialf

03 apr 2013 - 11:55

De steatefraksje fan de PVV ropt de provinsje en deputearre Hans Konst op te praten mei it Fryske konsortium dat it nije Thialf op It Hearrenfean bouwe wol. Direkteur Jan Wageman fan Friso Bouwgroep hat Konst dêrta koartlyn oproppen fia in petear op de radio by Omrop Fryslân.

Friso Bouwgroep is ien fan de fjouwer bedriuwen yn it konsortium. De oaren binne Bouwbedriuw Van Wijnen, yngenieursburo Oranjewoud en arsjitekteburo Alynia. De Friso Bouwgroep hat it hjoeddeiske Thialf ek boud.

De PVV makket him soargen oer it projekt. In wurdfierder fan deputearre Konst lit yn in reaksje witte binnen trije wike kontakt mei Friso Bouwgroep op te nimmen. De provinsje begjint ynkoarten mei de saneamde merkkonsultaasje. Yn dy konsultaasje-petearen sil dan praat wurde mei bedriuwen dy't weardefolle advizen of ynformaasje jaan kinne oer de bou of eksploitaasje fan it nije Thialf. Yn juny nimme provinsjale steaten in definityf beslút oer it beskikber stellen fan 50 miljoen euro foar de nijbou. KNSB en NOC/NSF meitsje op 28 maaie bekend watfoar iisstadion de topsportlokaasje wurdt foar de kommende 10 jier.

Trefwurden: 
PVV Thialf Friso Bouwgroep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)