VOC-skip wurdt mooglik sloopt

03 apr 2013 - 11:42

De ôfbaarnde replika fan it VOC-skip de Prins Willem yn Harns sil net mear opknapt wurde. De gemeente Harns hat gjin fêst plak foar it skip. As der gjin nij plak fûn wurdt, sil it sloopt wurde.

De Prins Willem is in pear jier lyn ôfbaarnd yn Den Helder en dêrnei kocht troch skipsbouwer Jelle Talsma. Hy woe it opknappe mei help fan Empatec, mei saneamde learwurkplakken en der in Waddenbelevingssintrum fan meitsje.

Trefwurden: 
Harns Prins Willem VOC-skip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)