Dief yn Drachten oppakt

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei yn Drachten in 42-jierrige man oanhâlden. De man sûnder fêst wenplak hie ûnder oare toskepoetsersguod stellen út in supermerk oan de Noarderhegewei. Personiel trappearre de man en belle de plysje dy't him letter yn de boskjes by de winkel fûn. Yn de auto fan de man leine tassen mei guod, benammen toskepoetsersguod, dat er by ferskate supermerken stellen hie. De man is foar neier ûndersyk ynsletten. De tassen binne yn beslach nommen. De plysje tinkt dat de man him al langer dwaande hâldt mei stellerij.