Aldste man fan it lân stoarn

© Omrop Fryslân
De âldste man fan Nederlân, Tjeerd Epema, is moandei stoarn. Dat hat syn famylje bekendmakke. Epema waard 106 jier lyn berne yn Easterlittens. Hy wenne de lêste tiid yn it Noard-Hollânske Ouddorp, dêrfoar hie er Schoorl as wenplak.
Epema hat mar koart de âldste man fan ús lân west, twa wike lyn stoar syn 'foargonger'. De âldste persoan fan Nederlân is no Egbertje Leutscher-De Vries út Havelte. Sy is 110 jier.