Waadfarders tenei digitaal
Waadfarders en natuerbeskermingsorganisaasjes ha nije ôfspraken makke oer it rekreative gebrûk fan de Waadsee. Oant no ta is it sa dat op kaarten oanjûn wurdt wêr't de skippen al of net komme meie, mar dy kaarten binne faak net by de tiid.
Nije digitale ynformaasje is folle aktueler, mar dêr sille skippers dus wol alle dagen gebrûk fan meitsje moatte.