Mindere twadde dei Pieter-Jan

02 apr 2013 - 19:48

Pieter-Jan Postma hat op de twadde dei fan it wrâldbekersilen foar de kust fan Majorka in achtste en in sânde plak besyld yn de Finn. Hy sakket yn de tuskenstân fan it tredde nei it fiifde plak. De ferskillen nei twa dagen binne lykwols lyts. Nei it ôflûken fan it minste resultaat hat Pieter-Jan 12 punten. De Frânsman Jonathan Lobert is lieder mei 6 punten, foar de Brit Giles Scott mei 7 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)