Skiep dumpt yn natuergebiet

Skiep dumpt © Roel Vriezema
Yn it Natura 2000-gebiet it Wynterperskar by Wynjewâld binne yn in sleat deade skiep dumpt. Dat is dit wykein ûntdutsen troch de boskwachter.
It giet om Drintske heideskiep. It is net dúdlik wa't hjir ferantwurdlik foar is. Neffens de boskwachter binne der net in soad skieppeboeren dy't heideskiep ha. Der sil no yn de omkriten socht wurde nei de eigener. Der is oanjefte dien by de plysje. De kadavers wurde hjoed romme.