Boksbeugel yn beslach naam

Plysje-embleem © ANP
By in kontrôle fan de plysje is in man oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De man krige op de Easterkade yn Ljouwert in stopteken. It die bliken dat de man gjin jildich rydbewiis hie. Hjirfoar krige hy in boete.
Doe't ien fan de plysjemanlju de auto fan de man in stikje ferride woe, seach de agint dat der in boksbeugel yn de auto lei. Dit is ferbean. De boksbeugel is yn beslach naam en tsjin de 28-jierrige bestjoerder is proses-ferbaal opmakke.