Gjin dong boppe de grûn útride

02 apr 2013 - 14:53

Boeren yn de Noardlike Fryske Wâlden krije gjin tastimming om by wize fan eksperimint dong boppe de grûn út te riden. Steatssektaris Dijksma hat de 75 kringloopboeren dêr gjin grien ljocht foar jûn.

De boeren woene oantoane dat it útriden net neidielich foar it miljeu hoecht te wêzen. Dijksma fûn it foarstel dat se krige net goed ûnderboud. Der binne no al strange regels omdat dong op it lân liede kin ta in hege útstjit fan ammoniak.

Trefwurden: 
boeren dong eksperimint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)