Fryske bern net mear yn natuer

02 apr 2013 - 12:09

Fryske bern stean kwalik tichter by de natuer as bern út de Rânestêd. Dat docht bliken út in enkête fan Natuurmonumenten ûnder 7600 bern yn hiel Nederlân tusken de 4 en 16 jier âld.

Natuurmonumenten trúnt der as behearder fan natuerterreinen op oan dat bern de romte krije om bûten yn de natuer te boartsjen. No ha bern hiel faak it idee dat de skoalle of âlden soks foar harren regelje moatte; spontaan sels yn de natuer boartsje is der net mear by.

Neffens Angelique Aerts fan Natuurmonumenten komt dat ek omdat der binnen hieltyd mear te dwaan is. Al seit 70 prosint fan de bern yn de enkête dat sy binnen boartsje saai fynt. Alden binne ek skruten om bern allinnich te litten yn de natuer, sa tinkt Aerts.

Trefwurden: 
ûndersyk natuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)