Ferbouwing Nij Smellinghe

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten begjint tiisdei oan in grutte ferbouwing. De polykliniken wurde útwreide mei twa ferdjippingen. Dat betsjut ûnder oare dat de yngong fan de polykliniken dit jier net tagonklik is.
Alle besikers fan Nij Smellinghe moatte dêrom fia de haadyngong. Om de ekstra auto's dêrhinne yn goeie banen te lieden, wurdt der in ferkearsregeler ynsetten. Fierder is de sintrale hal oanpast. Der is in nije doar kaam, dy't mear besikers oankin. Fierder is de resepsje fan de polykliniken ferpleatst nei de sintrale hal.