Subsydzje foar âlde tsjerken

Tsjerke fan Earnewâld © Google Maps
De Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen freget hast 2,5 miljoen euro subsydzje oan foar 86 tsjerken, tsjerketuorren en tsjerkhôven. It jild is bedoeld foar ûnderhâld en restauraasje.
It is foar it earst dat der ek foar monumintale tsjerkhôven en parken subsydzje oanfrege wurde kin. Yn augustus wurdt bekend hokker oanfragen honoreard wurde. Der is jild frege foar ûnder oare de herfoarme tsjerke fan Earnewâld, it tsjerkhôf fan Skraard, de klokkestoel fan Spangea en de tsjerketoer fan Wolvegea.