Waadfestival oer de grins

It idee foar in grut waadfestival yn 2015 wurdt ynternasjonaal oppikt. Ek Denemarken en Dútslân wolle wol meidwaan. It inisjatyf foar it waadfestival kaam ferline jier simmer fan oprjochter Jan Abrahamse fan de Waadferiening en âld-direkteur Kees van Twist fan it Grinzer Museum.
It idee is dat der yn de perioade fan april fan oant en mei septimber 2015 alle wiken wat te dwaan is op ien fan de eilannen of oan de Waadkust. It bekende Oerolfestival krijt dêr in plak yn, mar ek komme der útstallingen, lêzingen of optredens.
Van Twist seit dat der yn Dútslân en Denemarken mei entûsjasme reagearre wurdt op de plannen. Bygelyks op it Deenske Esbjerg bestiet belangstelling om eleminten fan it Skylger Oerolfestival oer te nimmen yn in besteand festival.