Drugsdealer Hearrenfean oppakt

02 apr 2013 - 10:36

Nei in pear moanne fan ûndersyk hat de plysje ôfrûne wykein in 41-jierrige man út It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan hannel yn harddrugs.

Yn syn wenning is 17 liter GBL, 90 XTC-pillen en in fleske GHB yn beslach naam. GBL is in grûnstof wêrmei GHB makke wurde kin. Ein ferline jier krige de plysje ynformaasje oer de aktiviteiten fan de man binnen. Hy soe yn speed en GHB hannelje. De man is doe yn de gaten hâlden. Dit wykein is troch de plysje poste foar syn hûs.

Twa manlju kamen oan de doar om drugs te keapjen. Se binne oanhâlden. Dêrnei kaam de plysje yn aksje om de bewenner oan te hâlden. Njonken de drugs is yn de wenning ek noch jild en in skeal yn beslach naam. De 41-jierrige Hearrenfeanster sit noch fêst.

Trefwurden: 
Hearrenfean drugs GHB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)