Skikking Hearrenfean en VI

Haadredakteur Johan Derksen fan Voetbal International © ANP
Sportklup Hearrenfean en Voetbal International ha in skikking troffen. Dat sei haadredakteur Johan Derksen moandei yn it lykneamige programma op tillevzyje. Derksen woe oer de ynhâld fierder neat sizze. Wol sil Hearrenfeanfoarsitter Robert Veenstra op besite by âld-foarsitter Riemer van der Velde, sa seit Derksen. It petear soe op inisjatyf fan Derksen en in tal fan sponsoaren plakfine. Van der Velde seit dat hy noch neat heard hat fan in ôfspraak: "Mar miskien krij ik noch in tillefoantsje, ik wit it net."