Soargen CDA oer baneferlies

De festiging fan it UWV yn Ljouwert ferhuzet mooglik nei Grins. Dat soe de Fryske haadstêd hast 200 arbeidsplakken kostje kinne. It CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert makket him soargen en hat fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
De partij wol dat it kolleezje mei it UWV om tafel giet. As de ferhuzing nei Grins trochgiet, bart dat mei yngong fan 1 jannewaris 2015. De hier fan it gebou yn Ljouwert rint ein 2014 ôf. Fan 't hjerst moat der in beslút naam wurde oer in mooglike ferhuzing.