Bouwmeester sit sûnder coach

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten start har Olympyske tarieding op de Spelen yn Rio de Janeiro sûnder har coach Mark Littlejohn. De Ingelsman hat nei lang wikken en wegen besletten in oare, rêstiger koers te farren. Dat makke de Delta Lloyd kernploech moandei bekend.
Bouwmeester sil yn har trajekt rjochting Rio 2016 no earst op ôfstân begelaat wurde troch coaches yn tsjinst fan it Wettersportbûn. By de Delta Lloyd Regatta (ein maaie) wurdt se coacht troch Lasersiler Serge Kats.
Littlejohn wie sûnt 2008 de coach fan Bouwmeester. En mei sukses want de Wartenster pakte yn 2011 de wrâldtitel en foarich jier de sulveren medalje by de Spelen yn Londen yn de Laser radial klasse.