Drokte by peaske-eveneminten

01 apr 2013 - 17:25

Friezen binne twadde peaskedei manmachtich de doar útgien om de ferskate aktiviteiten te besykjen. Bernebuorkerijen iepenen de doarren wer. Ek de iepening fan it wettersportseizoen yn Terherne luts in soad folk.

Yn Nijlân wienen tal fan feestgongers op it festival Aaipop. Live muzyk en in kâld pilske wiene dêr de geskikte yngrediïnten om flink wat feestpublyk yn it spier te krijen.

Trefwurden: 
drokte peaske
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)