Ienfâldige oerwinning Cambuur

01 apr 2013 - 16:23

SC Cambuur hat twadde peaskedei it soere ferlies by Almere City goed makke troch thús mei 2-0 te winnen fan Go Ahead Eagles. Nei in knappe foarset fan Adnane Tighadouini sette Michiel Hemmen de Ljouwerters nei 20 minuten op foarsprong.

Nei rêst wie it opnij Hemmen dy't in haadrol spile by de twadde treffer. Nei goed trochsetten brocht hy Tighadouini yn skoaringsposysje, dy't ienfâldich de 2-0 binnentikke. De gasten út Deventer krigen yn it slot noch in pear kânsen, mar de ploech fan trainer Henk de Jong spile de wedstriid kontrolearre út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)