Thys Wadman krijt SK-priis

Thys Wadman is de winner fan de Simke Kloosterman Priis 2013. De sjuery bekroant syn boek 'De oerwinnings fan Tido Houtsma.' Sjueryleden Alie Douma, Albertina Soepboer en Douwe Kootstra makken in kar út oarspronklike Frysktalige bern- en jeugdboeken út de jierren 2010, 2011 en 2012.
Der wiene fjouwer nominaasjes. Neist Wadman wiene dat Eppie Dam, Lida Dykstra en Elske Kampen. De priis bestiet út in oarkonde en 3500 euro. Deputearre Jannewietske de Vries rikt de priis op freed 24 maaie út yn Twizel.