Feanster skelt plysjes út
In 27-jierrige man fan It Hearrenfean is sneintemoarn betiid oppakt. De plysje ûndersocht de melding dat ien yn it wetter lizze soe. Dat wie net sa. De Feanster hie spul mei syn freondinne. Hy wurdearre it net dat de plysje warskôge wie en misledige de plysjes. Dy ha de man dêrnei oanhâlden.