Snorfytser oanhâlden

Plysje-embleem © ANP
In snorfytser is sneintenacht oanhâlden by Reitsum. Plysjes seagen de snorfytser oer de Flieterpsterdyk sûnder kentekenplaat riden. De 18-jierrige bestjoerder út Burdaard koe gjin fersekeringsbewiis sjen litte en hy hie ek gjin kentekenbewiis by him. By in blaastest die bliken dat de jonge dronken hie. De snorfyts is yn beslach nommen en syn rydbewiis is ynnommen. De plysje hat proses-ferbaal tsjin de jonge opmakke.