TC Gewest Fryslân stapt op

De technyske kommisje Langebaan Koartebaan fan it KNSB gewest Fryslân hat snein fuortendaliks har funksje dellein. Dit beslút waard naam nei ûnienichheid tusken de kommisje en it algemien bestjoer nei oanlieding fan it ûntslaan fan in trainer. Neffens de technyske kommisje is sa'n beslút statutêr net oan it bestjoer, mar heart dat inkeld ta it foech fan de technyske kommisje.
It ferskil fan miening rûn sa heech op dat de leden fan de kommisje gjin fertrouwen mear ha yn de gearwurking mei it bestjoer.
De oanbelangjende trainer hat de fierdere ûntwikkelings net ôfwachte en hat de eare oan himsels holden. Wurdfierder Jan Boelen fan de technyske kommisje doart net te sizzen oft der mear trainers opstappe sille.